FIDEO: Skiep yn Goutum opnij oanfallen troch hûn

06 jan 2018 - 11:45
  • Skiep wurde oanfallen
  • Skiep wer oanfallen troch hûn

By Goutum hat sneontemoarn in hûn opnij skiep oanfallen. It giet om in herdershûn dy't útlitten waard troch in echtpear. De hûn jage de skiep op en dreau se útelkoar. Hy krige der ien te pakken en luts dat skiep de sleat yn. Oft it deselde hûn is dy't freed de twa skiep fan boer Johannes de Jong deabiten hat, en in tredde skiep ferwûne hat, is noch net wis. De boer is dêr wol fan oertsjûge.

Yntusken sizze de eigeners fan de herdershûn sels ek dat de hûn it heechstwarskynlik dien hat, omdat hy freed ek yn it lân achter de skiep oan siet. Boppedat seagen se letter dat it oanfallen skiep fan sneon ek oanfretten wie. Se binne der bot fan oerstjoer en nimme har folle ferantwurdlikheid op har rjochting de eigener, sa litte se witte.

De plysje wie der sneontemoarn by en siket de saak fierder út. De plysje is sneon fierder net berikber foar kommentaar.

Trefwurden: 
Goutum skiep hûn
(advertinsje)