Kollum: ''Wy wurde nea wrâldkampioen, Dútsers wol"

06 jan 2018 - 11:00

''Tusken kryst en âld en nij ha wy in dei nei ús buorlju oer de grins west. Mei in spesjaal doel. We bedarren earst yn Dortmund, dêr't we in rûnlieding krigen troch it mânske fuotbalstadion fan Borussia Dortmund. In tige wolbespraakte Dútske jongeman liet ús yn 90 minuten, hoe soe it ek oars, alles sjen. It is in grut en prachtich, mar ek âld stadion mei tradysjes. En dat fyn ik moai. De klaaikeamer wie foar my wol ien fan de hichtepunten. Je ferwachtsje alle lúkse fan de wrâld, mar de gids sei dat dat net by de klup past. Doe't Real Madrid op besite kaam, hat Cristiano Ronaldo sels by de UEFA klage oer it ûnbrekken fan in hierdrûger yn de klaaikeamer fan de besikers. Echt wier.

De supporters ferwachtsje fan de spilers fan Dortmund dat se hurd wurkje, sa as sy dat fanâlds ek dogge. De klaaikeamers fan mannich amateurklup sil grif geryfliker wêze as dy fan de miljonêrs fan Borussia. Houten banken, twa kleanheakken per spiler. Mear net. De ferwaarme stuollen yn de dug-out binne de bêsten fan it hiele stadion, lake de rûnlieder sadistysk. Mar ja, dêr wol net ien sitte, heakke er der oan ta. En Dútsers soenen gjin humor ha?

Letter op de dei riden we in stikje fierder. Nei it plak Iserlohn. Dat is de grutste stêd fan it Sauerland. It leit yn it tige boskryk gebiet en fierder hearre je der net folle oer. Nei de oarloch wienen it de Kanadezen dy't dêr stasjonearre waarden. En as je Kanadezen ergens in skoft delsette, ha dy in eigenaardige gewoante. Ien fan de earste dingen dy't se yn Iserlohn en oare plakken dêr yn de buert dien ha wie iishallen bouwe, sadat se de Kanadeeske nasjonale sport ûnderhâlde koenen. Sa is de basis lein foar de sterke Dútske iishockeysport yn dy krite. Iserlohn spilet yn de heechste difyzje en ik kin jim melde dat as je echte topsport en beleving meimeitsje wolle, in reiske nei it Ruhrgebied in goede opsje is.

Yn it gefal fan Borussia Dortmund wurde der wol reizen organisearre en sille jo der wol yn slagje in kaartsje te krijen. Foar in ticket foar de iishockeyklup Iserlohn Roosters leit dat even oars. It stadion is nammentlik hast altyd útferkocht. As jo dêr komme, mei ús Nederlânske ynstelling is in oere foar de wedstriid al betiid, witte je net wat je sjogge. Dan sit it stadion al hielendal fol. De kant dêr't it jild sit, de kant fan de sponsers, is noch leech. Dy sitte lekker te iten en te netwurkjen. Mar as de wedstriid begjint binne dy ek krekt sa fûl as in foarke.

Oer de sfear by in wedstriid fan Borussia hoe ik jim net folle te fertellen, dy is legindarysk en geweldich. Ik kin jim wol wat fertelle oer de ambiânse yn it stadion fan Iserlohn, dat ferneamd is nei de mar dêr't it neist stiet, de Seilersee. Guon fan jim ha grif wolris in hockeywedstriid sjoen. As it spul even stilleit, wurdt der muzyk draaid. Dat dogge se oeral, sels yn Kanada, om de sfear der yn te hâlden. Mar net yn Iserlohn, dêr is dat net nedich. De fans sjonge trije kear tweintich minuten lang om harren team oan te fiterjen. Muzyk om ûngemaklike stilten op te fangen is net nedich. De spilers wurkje as reaksje dêrop sa hurd, dat it in feest is om nei te sjen. Krekt dat stapke hurder, krekt dy ekstra ynspanning leverje kinne.

Dêrom winne Dútske teams en ha wy noch nea wrâldkampioen west.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)