Brân yn motorkape fan bestelbuske yn Drachten

06 jan 2018 - 09:58

De brânwacht fan Oerterp moast sneontemoarn útride fanwegen in brân yn in bestelbuske. De bestjoerder fan it buske ried oer yndustryterrein Azeven by Drachten, doe't der ynienen reek út de motor kaam. Hy koe it bestelbuske noch op 'e tiid ferlitte, mar der kamen doe al grutte flammen út de motorkape.

De brânwacht hat it fjoer dôve en fan it buske wie net folle mear oer. Hoe't de brân krekt ûntstean koe, moat noch bliken dwaan.

Trefwurden: 
brânwacht bestelbus Drachten
(advertinsje)