Fryske artysten trede sneontejûn op yn AFAS Live

06 jan 2018 - 09:36

Yn de Amsterdamske konsertseal AFAS Live wurdt sneontejûn in Frysk feestje fierd. Bekende nammen as Vangrail, De Kast en Elske DeWall stean op it poadium by de Fryske Jûn. Ek Gurbe Douwstra, Piter Wilkens en Tim Douwsma sille in optreden fersoargje. Waarman Piet Paulusma is sneon ek oanwêzich yn Amsterdam, hy sil ferskate artysten oankundigje.

It is foar it earst dat meardere Fryske artysten yn sa'n grutte seal bûten de provinsje stean. Omrop Fryslân is op radio live by de Fryske Jûn. It evenemint is fan sân oere ôf te folgjen fia 92.2FM. De presintaasje is yn hannen fan Johan Terpstra en Wim Brons sjocht efter de skermen.

(advertinsje)
(advertinsje)