Meardere rydbewizen ynnommen by plysjekontrôles

06 jan 2018 - 08:07

De plysje hat freedtenacht by ferkearskontrôles rûnom yn ús provinsje meardere rydbewizen yn beslach naam. In 20-jierrige bestjoerder út de gemeente Ljouwert rekke syn rydbewiis kwyt om't hy op de Anne Vondelingwei de plysje-auto mei 127 kilometer ynhelle, dêr't 70 kilometer it maksimum is. Op de Harnzerstrjitwei ried in 31-jierrige Ljouwerter 157 kilometer, dêr't 80 kilometer tastien is. In 63-jierrige bestjoerder út Grut-Brittannië moast syn rydbewiis ynleverje om't er mei drank op achter it stjoer siet. De man waard op de Rypsterdyk by Menaam oan de kant set.

In 28-jierrige ynwenner fan Tytsjerksteradiel foel op om't de man op de Wâldwei te hurd ried, kleefde, oare auto's snijde, ynhelle oer in trochlutsen streep, syn knipperljocht net brûkte en syn ferljochting net goed wie. De man hie boppedat de autoriem net om. Hy krige meardere prosessen-ferbaal en moat him melde foar in gedrachskursus yn it ferkear.

Trefwurden: 
plysje ferkear kontrôle
(advertinsje)
(advertinsje)