Auto rekket op Europaplein fan dyk en bedarret op fytspaad

05 jan 2018 - 22:30

Op it Europaplein yn Ljouwert is freedtejûn in auto fan de dyk rekke en inkele meters nei ûnderen op it fytspaad telâne kaam. De bestjoerder hie nei alle gedachten in stjoerflater makke. De auto rekke swier skansearre.

Helptsjinsten rukten manmachtich út. De bestjoerder rekke licht ferwûne en is troch ambulânsepersoniel neisjoen. Neffens omstanners is it net foar it earst dat in auto by in fytstunnel op it fernijde Europaplein fan de dyk rekke.

In pear wiken lyn waard de nije turborotonde mei trije fytstunnels en paralleldiken iepene.

Trefwurden: 
auto Ljouwert Europaplein
(advertinsje)
(advertinsje)