Man út Makkingea krijt boete nei dûk skoppen yn auto

05 jan 2018 - 22:17

In 25-jierrige ynwenner fan Makkingea moat in boete fan 275 euro betelje omdat er in dûk skopt hie yn in auto fan in oar. Neffens de Makkingeaster hie de bestjoerder fan dy auto nei links stjoerd op it momint dat hy foarby ried. Dat wie op de dyk fan Donkerbroek nei Makkingea.

Neidat beide bestjoerders stoppe wiene, gie de man út Makkingea ferhaal heljen. Hy soe de doar fan de auto iepenlutsen ha en de bestjoerder útmakke ha foar 'idioat'. Dêrnei trape er in dûk yn de doar.

De dupearre autobestjoerder ferklearre foar de rjochter dat er him ergere hie oan it rydgedrach fan de man út Makkingea. Hy wie oan it bumperkleven, hie mei grut ljocht seind en wie mei grutte snelheid foarbyriden.

De offisier fan justysje en de rjochter wiene it der oer iens dat de man him fierstente agressyf gedroegen hie yn it ferkear, wêrnei't de man in boete krige.

Trefwurden: 
Makkingea dûk auto boete
(advertinsje)
(advertinsje)