Earen en strôten ôf- en trochbiten by trije Goutumer skiep

05 jan 2018 - 22:07

Yn in stik greide by Goutum binne freed twa skiep deabiten. Neffens eigener Johannes de Jong wie fan ien skiep de strôt trochbiten. By it oare skiep lei it ear der folslein ôf en wie de strôt heal trochbiten. Dit skiep moast troch de feedokter ôfmakke wurde. In tredde skiep miste in heal ear.

De Jong ûntduts de ravaazje moarns om healwei alven hinne. Hy tinkt dat de slachting in pear oeren earder wie. De feedokter en in jager tinke dat in grutte hûn de dieder wêze moat. De biten binne grut en djip. In foks soe dat neffens de belutsenen net dien ha kinne.

De Jong hopet dat minsken dy't wat sjoen ha, harren by him of by de plysje melde wolle.

Trefwurden: 
skiep Goutum
(advertinsje)
(advertinsje)