Kampanje Top Dutch wol Tesla noch hieltyd nei Noarden helje

05 jan 2018 - 21:11

Tesla is noch net fan Noard-Nederlân ôf. Under de namme Top Dutch is der ferline jier kampanje fiert troch Fryslân, Grinslân en Drinte mei help fan sosjale media om Tesla, bouwer fan elektryske auto's, safier te krijen yn it Noarden in nije fabryk bouwe te litten. Dêr is Top Dutch noch net klear mei.

Yn septimber ferline jier waard al dúdlik dat de trije noardlike provinsjes de kommende twa jier op dizze wize trochgean wolle om bedriuwen hjirhinne te heljen. De provinsje lûkt dêrfoar oardel miljoen euro út: jild dat fertsjinne is troch de Noardlike Untwikkelings Maatskippij (NOM).

It giet om seis kampanjes, sei deputearre Sander de Rouwe. Ek Tesla is noch hieltyd yn byld, want it bedriuw hat it fêstigingsbeslút oer it nije fabryk útsteld. Ynkoarten begjint der wer in nije kampanje fan Noard-Nederlân as gadingmakker. Neffens De Rouwe ha seker 22 topminsken by Tesla fia Facebook de kampanje sjoen. Dy kampanje hat al wol ynteresse opsmiten fan oare bedriuwen.

(advertinsje)
(advertinsje)