"De Postcode Loterij-truck stiet it hiele jier yn Fryslân"

"It is as stiet de truck fan de Postcode Loterij it hiele jier yn Fryslân", sei kommissaris fan de Kening Arno Brok freed by de nijjiersresepsje fan de provinsje Fryslân. Hy doelde dêrmei fansels op it jildfeest yn Eastermar en de aktiviteiten dy't yn in ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018 stean te gebeuren.
Brok fielt himsels ek ien fan de ambassadeurs om Ljouwert-Fryslân ta in sukses te meitsjen. "Dochs sil it net foar elkenien in jubeljier wurde kinne", stelde de kommissaris en ferwiisde nei de geweldsdelikten yn ús provinsje wêrby't yn 2017 tsien minsken om it libben kamen.
Ek spruts Brok syn meilibben út nei famylje en freonen fan Remon Bruinsma. Op de resepsje kamen ek dit jier wer hûnderten Fryske prominenten en 'gewoane' Friezen ôf.