Skeel oer omrop Mercurius

08 jun 2012 - 07:34

It oerlis tusken aksjegroep KWIK en Mercurius oer in bestjoerswikseling by de Ljouwerter lokale omrop is stikkenrûn. Foaral rânebetingsten wiene in obstakel.

KWIK wol Mercurius nij libben ynblaze, no't der troch konflikten en finansjele problemen noch kwalik programma's útstjoerd wurde. Mar it bestjoer fan Mercurius is lulk oer negative berjochtjouwing yn de media. Dat wurdt KWIK min of mear ferwiten. Fanwege dat tekoart oan fertrouwen wol KWIK net akkoart gean mei de rânebetingsten fan Mercurius.

Trefwurden: 
Mercurius lokale omrop Kwik
(advertinsje)
(advertinsje)