Hynder Keje is bêst opsette bist yn Natuurmuseum Fryslân

05 jan 2018 - 17:40

It hynder Keje hat de publykspriis fan it Nederlânsk kampioenskip prepareren (bisten opsetten) wûn yn Natuurmuseum Fryslân. Nei it offisjele kampioenskip, yn novimber ferline jier, binne alle stikken stean bleaun foar in grutte eksposysje en is it publyk frege om in stim út te bringen foar it bêst opsette bist.

Dat bêst opsette bist wie Keje. Twadde waard in bloedhûn. Neffens direkteur Tom van Slooten fan it natuurmuseum is it hynder hiel goed preparearre. Keje ferhuzet ynkoarten nei it nije lânboumuseum yn Goutum.

(advertinsje)
(advertinsje)