Aksjegroep wiis mei fertraging fleanfjildplannen

05 jan 2018 - 17:18

De Fryske aksjegroep tsjin de útwreiding fan Lelystad Airport is tige wiis mei de mooglike fertraging foar de plannen. Freed waard dúdlik dat regearingspartij ChristenUnie tinkt dat it net mooglik is om it gruttere Lelystad Airport yn 2019 te iepenjen. Se trune oan op útstel fan in jier. It betsjut dat aksjegroepen lykas HoogOverijssel en de Fryske aksjegroep Laagvliegroutes NEE ekstra tiid krije om oanfoljend ûndersyk te dwaan.

Laagvliegroutes NEE fynt dat de leechfleanrûtes nei Lelystad Airport min binne foar de sûnens. De leechfleanende fleantugen kinne foar sliepproblemen en hege bloeddruk soargje sa sizze sy.

"Ik vind het voorstel van de ChristenUnie niet zo opmerkelijk", sa seit Leonhard Beijderwellen, fan LaagvliegroutesNEE. "Veel mensen die gedupeerd gaan worden door de uitbreiding wonen op de Veluwe. Daar wonen veel mensen die ChristenUnie stemmen, daar wil de partij dus nu naar gaan luisteren." De aksjegroep lit nochris witte net folslein tsjin it fleanfjild te wêzen. "We zijn niet tegen het vliegveld, maar tegen de laagvliegroutes. De Milieu Effect Rapportage, de MER, moet opnieuw worden gedaan, vooral op het gebied van de communicatie. Er staat bijvoorbeeld niets in over de ultrafijnstof", fynt Beijderwellen.

"De kans bestaat dat de tijd onze grootste vijand wordt. Ik denk dat dit het doorduwen minder kans van slagen geeft, want alle vertrouwen in de overheid is weg. Daarom is de opstelling van de ChristenUnie nu een heel verstandige."
 

(advertinsje)
(advertinsje)