Van Gerner ek hast wis nei OS

08 jun 2012 - 07:24

Turnster Céline van Gerner fan turnskoalle Hearrenfean giet sa goed as wis nei de Olympyske Spelen yn Londen. Se stridet mei Wyomi Masela om ien beskikber ticket. Beide ha kommend wykein by wedstriden yn Gent noch ien kear de kâns om har te bewizen. Mar Masela hat har mei in blessuere ôfmeld foar de wedstriden.

Masela waard earder troch de KNGU oanwiisd foar de Spelen, mar dat waard mei súkses oanfochten troch Van Gerner. Dy helle ôfrûne wykein by wedstriden yn Maribor goud op brêge en balke. Masela wie doe ek al blessearre.

Woansdei makket it gymmestykbûn KNGU offisjeel bekend wa't der nei de Spelen meie.

(advertinsje)
(advertinsje)