Man krijt wurkstraf nei bedriigjen meiwurkers Jeugdsoarch

05 jan 2018 - 17:00

In âld-ynwenner fan Tsjom hat in wurkstraf fan fjirtich oeren krigen. De man hat meiwurkers fan it eardere Buro Jeugdsoarch Fryslân mei de dea bedrige. Njonken de wurkstraf krige de man ek in selstraf oplein fan in wike ûnder betingst.

Syn soantsje wie út hûs pleatst en dêrneist wiene der problemen mei de omgongsregeling. De fertochte hie belle mei Jeugdsoarch en sein dat er twa meiwurkers 'dwerstroch traapje' en 'yn stikken snije' soe. Sels ûntkent de man dat, mar de rjochter leaude de tsjûgen en feroardiele de man.

(advertinsje)
(advertinsje)