Yllegale skûlhutten oanpakt

08 jun 2012 - 06:20

De gemeente Frjentsjerteradiel bringt de yllegaal boude skûlplakken foar fee yn kaart. Dat hat de ried besletten. Oant no ta waarden de bouwurken sûnder fergunning tastien.

Oanlieding om dêr mei op te hâlden is de saak fan in famylje út Hitzum dy't sa'n skûlplak ôfbrekke moast omdat der in klacht oer kaam wie. De famylje is nei de Raad van State stapt omdat der sprake wêze soe fan rjochtûngelikensheid, omdat by oare yllegale bouwurken wol in eachje tichtknypt wurdt. In mearderheid fan de ried is it dêr mei iens.

(advertinsje)
(advertinsje)