Marrit Leenstra pakt brûnzen medalje op 1.500 meter EK
Marrit Leenstra hat freedtemiddei op de EK ôfstannen yn it Russyske Kolomna brûns pakt op de 1.500 meter. De reedrydster út Wikel einige mei in tiid fan 1.56.58 op it tredde plak achter winner Lotte van Beek (1.55.52) en nûmer twa Yekaterina Shikhova (1.56.57) út Ruslân.