Gjin selstraf troch advys reklassearring

05 jan 2018 - 16:38

In frou út Sumar dy't freed foar de plysjerjochter komme moast hoecht net nei de finzenis, wylst se wol in soad op har gewisse hat. Se hie ferline maitiid foar 140 euro stellen by in supermerk, se ried yn in auto, wylst se har rydbewiis kwyt wie en se hie drugs by har. De frou siet boppedat yn in proeftiid foar twa oare misdriuwen.

Dat se net nei de finzenis hoecht komt troch in posityf advys fan de reklassearring. Dy seit dat se help hawwe wol foar har ferslaving. De rjochter hat de frou in drugs- en alkoholferbod oplein. Har proeftiid is ferlinge en se krijt har rydbewiis earst ek net werom.
 

Trefwurden: 
justysje
(advertinsje)
(advertinsje)