Koarting as berne-lokmiddel

07 jun 2012 - 21:45

It bestjoer fan de E.P. de Boer-skoalle yn Winaam jout 50% koarting op de bûtenskoalse opfang foar elke nije learling dy't oanmelden wurdt. De skoalle sit op de wip omdat er no mar 36 learlingen hat.

Fan de gemeente Harns mei de skoalle allinnich iepen bliuwe as der 43 bern op sitte. Dizze ludike aksje is it lêste middel om bern út Harns, Seisbierrum of oare doarpen oan de skoalle te binen.

Trefwurden: 
Harns Winaam skoalle ûnderwiis
(advertinsje)
(advertinsje)