Sechsde plak foar Letitia de Jong op 500 meter EK ôfstannen

Letitia de Jong © www.awfoto.nl
Letitia de Jong fan Feanwâlden is der freedtemiddei net yn slagge op it poadium te einigjen op de 500 meter by de EK ôfstannen. Wol wie De Jong yn Kolomna de fluchste Nederlânske reedrydster. Mei in tiid fan 38.70 einige se op it sechsde plak. Vanessa Herzog út Eastenryk pakte de gouden medalje mei in tiid fan 37.69.
De oare rydsters út Nederlân, Sanneke de Neeling en Mayon Kuipers, waarden respektivelik sânde en njoggende. De Neeling klokte 38.91, Kuipers 39.17.