Ritsma fynt it goed dat Eurlings opstapt is as IOC-lid

05 jan 2018 - 15:19

Ald-reedrider Rintje Ritsma fan De Lemmer fynt it goed dat Camiel Eurlings opstapt is as lid fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee. It wie in prinsipekwestje, seit Ritsma. Neffens Ritsma wurdt in sporter ek nei hûs ta stjoerd nei it drinken fan in pilske.

Eurlings lei al langer ûnder fjoer, omdat er hiel let syn ekskús oanbea oer de mishanneling fan syn freondinne. Ferskate topsporters fûnen dat er de eare oan himsels hâlde moast en opstappe moast as IOC-lid en bestjoerslid fan sportkoepel NOC*NSF. Dat hat Eurlings freedtemiddei dien.

(advertinsje)
(advertinsje)