Fûgelhâlders net bliid mei skerpe kontrôle

05 jan 2018 - 14:29

Fûgelhâlders binne net bliid mei de regeljouwing. De rjochtlinen wurde neffens fûgelhâlders hieltyd mear oanlutsen en dat soarget foar frustraasje. Neffens Feije van der Meer, foarsitter fan foliêreferiening Fûgelnocht, slacht de polityk troch. "As ik oan ien fan myn leden in fûgeltsje ferkeapje, moat ik him perfoarst útlizze hoe't hy foar it bistje soargje moat, wylst wy by deselde fûgelferiening sitte en wy beide witte hoe't wy foar de fûgel soargje moatte." Jappie Bremer, lid fan Fûgelnocht, fynt dat der goed op de fûgels past wurdt en dat eltsenien syn bêst docht.

Fûgeltentoanstelling

5 en 6 jannewaris organisearret foliêreferiening Fûgelnocht de jierlikse fûgeltentoanstelling yn doarpshûs De Pipegael yn Broeksterwâld. Troch de leden wurdt in grut ferskaat oan fûgels tentoansteld, wêrûnder kanarjes, tropyske fûgels en parkiten. Ferline jier is de fûgeltentoanstelling net troch gien, fanwege de útbraak fan fûgelgryp.
 

(advertinsje)
(advertinsje)