Brânstichting Grinzerstrjitwei yn Opsporing Verzocht

It tv-programma Opsporing Verzocht hat kommende tiisdei omtinken foar in brânstichting yn Ljouwert. Dat wie yn maart ferline jier. Doe gie in opslachromte oan de Grinzerstrjitwei yn flammen op. Op kamerabylden is te sjen dat it fjoer oanstutsen waard troch twa manlju. Neffens de plysje hat ien fan de fertochten mooglik in link mei Rotterdam. Mar wêrom't dat tocht wurdt, wol de plysje net sizze.
Dat it sa lang duorre hat foardat de plysje de help fan it publyk freget by dizze saak, komt omdat se it hiel drok hienen mei alle saken dêr't minsken by om it libben kamen ferline jier.