Sinneregeling foar boeren

07 jun 2012 - 21:37

Foar boeren is der meikoarten flink belestingfoardiel te heljen as se asbestdakken ferfange troch in dak mei sinnepanielen. Dat makke steatssekretaris Joop Atsma fan miljeu bekend yn de Twadde Keamer. Syn ministearje hat dêroer ôfspraken makke mei it ministearje fan finânsjes en mei boere-organisaasje LTO.

De ynvestearring dy't in boer dwaan moat om it asbestdak fuort te heljen en der sinnepanielen op oan te bringen moat sa binnen 10 jier werom te fertsjinjen wêze. It boerebedriuw wurdt troch it fuortheljen fan de asbest feiliger.

(advertinsje)
(advertinsje)