Bekladde tsjerke fan Muntsjesyl krijt skjinmakbeurt

05 jan 2018 - 13:57

Mei in hegedrukspuit, in spûns en in amer sop wurdt de tsjerke fan Muntsjesyl wer skjin makke. De muorren en ruten binne yn de nacht fan âld en nij bekladde mei wite ferve. Njonken de doar fan it bygebou is de amer mei ferve eksplodearre. Hast de folsleine foarside fan it gebouke sit der ûnder. It bedriuw Dolmans fan Grins seach it nijs en naam fuortendaliks kontakt op mei it troffen tsjerkebestjoer. Se meitsje it gebou no skjin. Neffens regio-manager Joost Comes kinne se de ferve goed fuort krije. It gebou is wol skansearre rekke.

It tsjerkebestjoer hat de dieder oproppen him te melden. Dat hat dy persoan oant no ta noch net dien. Neffens tsjerkerentmaster Ebel van Houten komt dat noch wol. "De verontwaardiging in het dorp is echt groot. Kerkganger of niet kerkganger. Iedereen spreekt er schande van." As de dieder him meldt, hoecht hy net benaud te wêzen. "We praten er even over en dan is het klaar.''

Trefwurden: 
Muntsjesyl tsjerke bekladde
(advertinsje)
(advertinsje)