''Wy hienen ek in Postcodepriis: twa repen''

05 jan 2018 - 13:32

Hat it doel mei te dwaan oan lotterijen? Yn Eastermar hawwe se dêr fêst in útsprutsen miening oer, mar foar de measten sil jilde dat it mear kostet as dat it opsmyt. Mar wêrom dogge we dan dochs massaal mei? Op de Ljouwerter freedsmerk troffen we dreamers en realisten. "Ik doch net mei, dan haw ik oan de ein fan it jier altyd in moaie priis fan wat net útjûn is.'' En: "Wy hawwe ris 20.000 gûne wûn en dat yn it hûs stutsen, mar tweintich miljoen, dat is net mear te oersjen."

In oar fertelde: "Ik doch net mei, ik ha genôch en bin gelokkich." Wer in oar sei: "Ja, wy keapje wol altyd lotten. Ik wol graach in grutte reis meitsje, de bern wat jaan, in húske op in plak dêr't de sinne altyd skynt en in moaie nije auto. Mar miskien is it dreamen dêrfan noch wol it moaiste." Ien frou twivele bot. "Ik ben net verhuisd en heb uitgezocht dat op dat adres al een jaar geen enkele prijs is gevallen, Maar maakt dat de kans nou kleiner, of juist groter om er iets te winnen?"

Trefwurden: 
Ljouwert freedsmerk lotterij
(advertinsje)
(advertinsje)