Kjeld yn Kanada: Hoe hâlde je in buorkerij draaiende by -34C

05 jan 2018 - 12:19

Hoe hâlde je in buorkerij draaiende as der bûten in gefoelstemperatuer fan -24 oant -34 is. Lokkigernôch hoege wy ús yn Fryslân dêr net al te faak drok oer te meitsjen, mar Friezen om utens yn Kanada en de Feriene Steaten moatte har dizze dagen goed ynpakke. Lykas Jetske Boer út Kitchener yn Ontario Kanada. De âld-Kûbaarder runt tegearre mei har man Henry Boer in melkfeebedriuw. Se binne wol wat wend nei al dy jierren yn Kanada, mar de kjeld fan de ôfrûne dagen is dochs wol wat oars. 

"Ast in protte klean oan hast is it goed te dwaan," sa fertelt Jetske Boer fia de whatsapp oan de online redaksje fan Omrop Fryslân. "It gesicht is it earste dêr'tst oan fernimme kinst hoe kâld it wier is." Op it momint fan appen is it yn Ontario sa'n -14 graden, mei in gefoelstemperatuer fan -24. "Ast dwaande bist dan kinst dy goed waarm hâlde, mar ast stilstiest dan wurdst hiel fluch kâld. In mûtse en wanten binne ferplichte."

De kjeld oan de eastkust fan Kanada en de Feriene Steaten duorret no al in tal wiken, en ek mei de jierwiksel moasten in soad minsken harren plannen oanpasse. "Guon fjoerwurkshows wiene ôfsein fanwege it kâlde waar, mar by ús thús koene wy noch krekt wat fjoerwurk ôfstekke. Net te lang bûten wêze, dan kin it krekt."

Henry Boer by syn bedriuw yn Kanada

Nochtere Kanadezen

It is opfallend hoe goed as de Kandezen har witte oan te passen oan de ekstreme kjeld. Yn Nederlân leit it lân al nei in pear snieflokjes stil, mar yn Kanada liket it mantra 'nochter bliuwe' by elkenien bekend. "Ofrûne sneontejûn hiene wy hjir yn de buert in Family Fun Night, mei in iisbaan bûten en fjoerwurk, om healwei njoggenen jûns, dêr wiene nettsjinsteande de kjeld in protte minsken," fertelt Boer. "Wy binne wol wat wend: op skoalle duorje de pauzes koarter of se wurde binnen hâlden." Lokkigernôch foar de bern fan de famylje Boer hawwe se no noch eefkes krystfakânsje.

Hurder wurkje op de buorkerij

Jetske en Henri Boer hawwe in melkfeehâlderij, en mei de ekstreme temperatueren soarget dat foar in soad ekstra wurk en noed. "Us jongfeestâl is âld en der rint net genôch fee yn om it waarm genôch te hâlden. Hjirtroch befrieze dan bygelyks de wetterbakken." Ek moatte de trekkers allegearre binnen stean, of se wurde sels oan de ferwaarmer set. "Oars soene se net starte." 

Ontario hat de ôfrûne wiken ek in soad snie hân. It lân leit bedobbe ûnder in dik wyt pak. "It is dreech ast de stâldoar iependwaan wolst en deryn ride wolst, want troch de kjeld komt der allegearre mist op en sjochst hielendal neat mear." Mar dan moatte jo fansels wol earst dy doar iepen krije: "Troch it pak snie is dat in útdaging, dy moat faak earst oan de kant skood wurde." 

"Dizze kjeld graach!"

Dochs is Jetske dúdlik as wy har freegje oft se miskien ruilje wol mei ús reinige donkere dagen. "Dizze kjeld graach! De sinne skynt en wy kinne nei bûten, ek al is it koart!" 

Trefwurden: 
Kanada waar kjeld
(advertinsje)
(advertinsje)