Spanning nimt ta yn Eastermar: ''It is ien grut feest''

Ynwenners fan Eastermar wachtsje freed yn spanning op de bekendmakking fan de prizen fan de Postcode Loterij. Op it doarpsplein fan Eastermar jout de organisaasje oan it begjin fan de jûn priis wat de Eastermarders foar elk lot winne. Om fjouwer oere set in feestlik programma útein. Artysten lykas André Hazes jr. en De Coronas fersoargje oant seis oere optredens. Alle ynwenners fan Eastermar binne wolkom en de tagong ta it muzykterrein is fergees.
Hast 27 miljoen euro
Yn totaal wurdt der 26,95 miljoen euro ferdield ûnder de meispyljende ynwenners fan Eastermar. De bedragen binne ôfhinklik fan it tal ferkochte lotten yn it doarp. Ek wurdt sjoen nei it tal saneamde Kanjerpunten dy't de dielnimmers sammele ha. Hoe langer in lot dit jier meispile, hoe mear Kanjerpunten en hoe grutter it oandiel yn de priis.
De krekte bedragen binne noch net bekend. ''Ik haw gjin idee'', seit José út Eastermar. ''Mar alles is moai meinommen. Ik gok op 10.000 euro. Mar it is yn elk gefal ien grut feest.''
Twa famyljes
De oare 26,95 miljoen waard ôfrûne moandei al útrikt oan twa famyljes dy't wenje oan de Industrieweg. Tjeerd en Marianne krigen goed njoggen miljoen euro; buorlju Sonja en Romke skreaunen achttjin miljoen euro by op harren rekken.