NK shorttrack yn Thialf live yn byld by Omrop Fryslân

NK shorttrack live by Omrop Fryslân
It Nederlânsk kampioenskip shorttrack is werom op It Hearrenfean. Omrop Fryslân is dêr live by. De finaledei op snein 7 jannewaris is fan 12.30 oere ôf folslein te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app. It giet om twa streams, yn it Frysk en Nederlânsk, mei bylden en kommentaar.

Nei fiif jier ferriden te wurden yn Amsterdam, is it NK shorttrack werom yn Thialf. De grutte favoryt foar it NK is Sjinkie Knegt. Ferline jier gong de titel nei Dylan Hoogerwerf. Kin Knegt diskear wol de titel pakke of ferrasse 'outsiders' Ithzak de Laat of Daan Breeuwsma? By de froulju is Suzanne Schulting de titelferdeginer. Ferline jier waard se foar it earst Nederlânsk kampioen; mar dit wykein moat se har fanwegen sykte ôfmelde. Ald-kampioenen Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof sille dit wykein besykje te winnen. En wa wit is Rianne de Vries sa goed genêzen fan har ankelbreuk, dat se ek meidwaan kin om de prizen.

Spektakulêre nije opset

It NK shorttrack is dit jier oars kwa opset, wêrtroch't de snein spektakulêr wurde kin. Gewoanwei wurde de finales ferspraat oer sneon en snein, mar dit jier wurde foar it earst alle medaljes ferdield op de slotdei. Sneins binne fan 12.30 oere ôf alle finales te sjen by Omrop Fryslân. Yn totaal binne it acht finales: op de 500, 1000, 1500 en 3000 meter, by sawol de manlju as de froulju. Nei dy lêste ôfstân, ek wol de superfinale neamd, wurdt it klassemint opmakke.

NK shorttrack live by Omrop Fryslân

Yn gearwurking mei it reedrydbûn KNSB en Sportsbroadcasting stjoert Omrop Fryslân it Nederlânsk kampioenskip live út. Op Omropfryslan.nl binne twa streams beskikber: in Frysk- en in Nederlânsktalige stream. Ferslachjouwer Roelof de Vries jout it Nederlânske kommentaar en syn kollega Andor Faber fersoarget it Fryske kommentaar.