Reedrydploech ferliest stipe fan sponsor AfterPay

05 jan 2018 - 11:22

Reedrydsters Anice Das en Jorien ter Mors reitsje nei de Olympyske Spelen yn Pyeongchang harren sponsor AfterPay kwyt. It bedriuw hâldt nei fiif jier op mei it stypjen fan de reedrydploech. Team AfterPay begûn as opliedingsploech, mar ûntwikkele him ta frouljussprintploech mei Ter Mors as boechbyld. Op de Spelen yn Súd-Koreä rydt sy de 500 en de 1000 meter.

Ek by it shorttrack komt se yn aksje. Anice Das rydt yn Pyeongchang de 500 meter. De 31-jierrige sprintster fan It Hearrenfean wûn dizze ôfstân op it OKT, it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Thialf.

(advertinsje)
(advertinsje)