Mear besikers foar Aldehou, HCL en Pier Pander Museum

Reinbôgeflagge op Aldehou © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
It Historisch Centrum Leeuwarden, it Pier Pander Museum en de Aldehou hawwe ferline jier mei elkoar 53.000 besikers lutsen. Yn 2016 wienen dat der 49.000. Yn it HCL luts benammen de fêste eksposysje 'Het verhaal van Leeuwarden' in soad minsken. Hieltyd mear minsken witte ek de webside fan it HCL te finen.
De Aldehou luts mei goed 28.000 minsken in rekôrtal besikers. Der kaam benammen in soad folk nei de toer yn de Nacht fan de Ljouwerter Skiednis.