"Achtkarspelen moat ôfsjen fan heffing prekariorjochten"

05 jan 2018 - 08:28

Ferskate partijen yn de ried fan Achtkarspelen wolle dat it kolleezje ôfsjocht fan it heffen fan prekariorjochten yn de gemeente. De FNP, Gemeentebelangen, de ChristenUnie en de PvdA tsjinje dêroer in moasje yn. Ynwenners fan Achtkarspelen krigen koartlyn in brief fan wetterbedriuw Vitens, mei in ekstra te beteljen bedrach. It bedriuw wol de hegere belesting dy't de gemeente opleit, trochberekkenje oan har klanten.

In mearderheid fan de ried fynt dat de ynwenners net de dupe wurde meie fan de prekarioheffing. Oer trije wiken wurdt de moasje yn de gemeenteried behannele.

(advertinsje)