Kollum: ''Sânoarloch''

05 jan 2018 - 08:20
  • De Toan fan Hilda Talsma

''Der is in grutte striid om sân geande yn 'e wrâld neffens de dokumintêre 'Sand Wars' op YouTube. Der wiene yn 2013 al 25 Yndonezyske eilannen troch ferdwûn en de Malediven binne ek yn gefaar. Dat hat net allinnich te krijen mei it stiigjen fan de seespegel mar ek alles mei it sûgjen en stellen fan... sân.

Yn lannen as Sina, Dubai en Singapore wurdt omraak boud mar it probleem is dat je mei sân út 'e woestyn net bouwe kinne omdat it te rûn en te glêd is. Dus hawwe se sân nedich, dat hoekich is en wol goed plakt, en dat helje se fan 'e boaiem fan 'e oseanen. De enoarme dredgers dy't it sân fan de boaiem sûgje, fermoardzje dêrmei ek it hiele ekologyske systeem.

It tekoart oan sân wurdt wol wer oanfolle, mar it giet yn sa'n razend tempo en dat kin ús mem de ierde der sa gau net by breidzje. It oanfoljen bart troch sân dat wer fan oare plakken komt en sadwaande ferdwine dy eilannen. Mar der wurde ek strannen ôfbrutsen troch kranen. Se hawwe it oer de sânmaffia en sânpiraten en der giet in allemachtige bult jild yn om. Allinnich al yn it opspuite palmeilân by Dubai sit 94 miljoen kubike meter sân en yn it projekt 'The World' mar leafst 325 miljoen kubike meter!

Yn Marokko hawwe se sân nedich om huzen oan de kust te bouwen mar dat helje, of stelle se, wer fan oare stikken strân, dy't der no as in moannelânskip by lizze. Dat dogge se mei ezels en dy drage twa kuorren fol mei sân, oer smelle en min tagonklike paadsjes. Op 'e dyk wurdt it yn frachtweinen laden en dat wurdt rjochtstreeks op de bou ferkocht.

Op 'e Malediven wie it strân op guon plakken earst wol 60 meter breed, wylst der no neat mear fan oer is. Dûkers helje dêr mei simpele dûkbrillen op sekken fol sân fan 'e boaiem. Dat bringe se nei boppe en lade se yn boatsjes. It is eins net te leauwen, mar it bart al. It is ek wer in spul fan jild en foute polityk dêr't de natuer en mienskippen, dy't ôfhinklik binne fan bygelyks de fiskerij, oan kapot gean. De sânkastielen foar de iene wurde de ûndergong foar de oare.

Strannen ferdwine op in hiele soad plakken hiel rap. It komt ek omdat sân romte nedich hat om te bewegen. It giet hinne en wer mar omdat de minsken hieltyd tichter op de kustline bouwe, kin dat net mear sadat it strân troch eroazje ferdwynt. Se spuitsje dy strannen wol op mei nij sân, mar dat is faak nei in jier of twa ek wer fuort. Op guon strannen is de earste rige mei strânhuzen al ferdwûn en kinne minsken der net mear wenje.

Sân wurdt ek brûkt foar diken, glês, papier, ferve, plestik, mikrochips en produkten om mei skjin te meitsjen. Ien kilometer dyk hat 30.000 ton sân nedich en in hûs 200 ton. Nederlân hat noch wol in grutte foarried sân, dus der lizze genôch kânsen yn it bûtenlân. It is nei wetter de meast brûkte grûnstof en it leveret 80 euro de kubike meter op. Dikke hannel, dus.

Dizze dokumintêre lit sjen dat net alles in klimaatprobleem is. De natuer spilet wol in rol, mar de minsken binne it slimst. Tagelyk mei de dredgers stekke in hiele soad lju harren kop ek yn it sân. 'A killing proces for the sake of dollars.' Myn winsk foar it nije jier èn de takomst is dat de ierde mei mear respekt behannele wurdt. Dat wurdt heech tiid want oars ferdwine we allegear.''

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)