Frijwilligers Bunkermuseum fine paravaan yn Skylger dunen

05 jan 2018 - 06:48

Frijwilligers fan it Bunkermuseum op Skylge hawwe tongersdei by natuerreservaat Boschplaat in paravaan oantroffen. Dat is in torpedo-eftich apparaat dat eartiids brûkt waard om kabels fan seeminen troch te snijen. De frijwilligers fûnen de paravaan yn de dunen, nei alle gedachten is dy troch sânôfslach sichtber wurden. It foarwerp is ophelle troch in leanbedriuw. It sil earst skjinspuite wurde, dêrnei krijt de paravaan in plakje yn it Bunkermuseum. Yn dit gefal giet it warskynlik om it paravaan fan Dútske komôf.

De paravaan waard yn it begjin fan de Earste Wrâldoarloch, fan 1914 oant 1918, ûntwikkele troch de Ingelske marine. De foarwerpen waarden brûkt om de eigen skippen te ferdigenjen. Troch de kabels fan de seeminen troch te snijen, dreaunen de eksplosiven nei it wetteroerflak. Dêrnei koenen se op ôfstân stikken sketten wurde.

Trefwurden: 
paravaan Skylge Bunkermuseum
(advertinsje)
(advertinsje)