Doarpsfeest Wâldsein ôfsein

07 jun 2012 - 20:14

It doarpsfeest yn Wâldsein giet nije wike net troch. Dat makke de Oranjeferiening yn it doarp tongersdeitejûn bekend. De feriening fynt it no net in tiid om feest te fieren.

In gesin fan trije kaam tongersdei om it libben by in gaseksploazje yn Italië. It giet om in man, in frou en harren soantsje fan oardel jier. De Karmeltsjerke yn it doarp is sneon- en sneintemiddei ekstra iepen foar kondoleânse.

Minsken kinne hjir op sneon tusken 2 en 5 teplak, en op snein nei de tsjerketsjinst. Yn it doarp is ferslein reagearre op it nijs.

(advertinsje)
(advertinsje)