Damwâldster hurdfytser nei Transplant Games yn Italië

Hurdfytser Jan Fennema fan Damwâld giet dit jier foar goud by de European Transplant Games yn Italië. De 24-jierrige Fennema hat sûnt syn fiifde libbensjier in donorlever, mar dat hâldt him net tsjin. Sterker noch, it motivearret him mear. De Transplant Games begjinne pas yn juny, mar Fennema hat syn gouden doel al skerp foar eagen. Hy hat lykwols net allinnich in sportyf doel: ek wol er mei syn dielname orgaandonaasje ûnder de oandacht bringe.
De donorlever hat him it libben rêden. Alle reden foar him om oaren it belang fan orgaandonaasje dúdlik te meitsjen. Ek wol er minsken dy't in orgaandonaasje nedich hawwe, in hert ûnder de riem stekke.