Ferdigener Dave Bulthuis tekenet by SC Hearrenfean

05 jan 2018 - 06:09

Sportklup Hearrenfean hat der mei Dave Bulthuis in ferdigener by. Hy tekenet freed in kontrakt foar twa-en-in-heal jier. De 27-jierrige Bulthuis komt oer fan Qabala FK út Azerbeidzjan. Earder spile er foar FC Utrecht en FC Nürnberg. "Ik ben blij met mijn terugkeer naar Nederland en wil mezelf weer in de kijker spelen, zoals ik dat eerder in Duitsland bij Nürnberg heb gedaan", seit Bulthuis tsjin de NOS. "Heerenveen had afgelopen zomer al belangstelling. Het is een mooie volksclub en ik heb familie in Friesland wonen. Dat maakt het helemaal speciaal."

Hearrenfean hat dêrnjonken ek it ôfrinnende kontrakt fan Pelle van Amersfoort ferlinge oant 2019.

(advertinsje)
(advertinsje)