Boargemaster Waanders wol helpe by Sinteklaasyntocht 2018

04 jan 2018 - 23:28

Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel wol graach helpe, om de nasjonale oankomst fan Sinteklaas dit jier sa te fieren dat it net liedt ta protesten en polarisaasje. Sy biedt dêrom oan om mei kollega-boargemasters, it ministearje fan Sosjale Saken en publike omrop NTR om tafel te gean, om te ferkennen hoe't je soks berikke kinne.

In oplossing hat sy sa net, want as sy dy hie, wie dy neffens har wol tapast by de nasjonale oankomst fan Sinteklaas yn Dokkum ferline jier. Dy oankomst ferrûn net sa as de organisaasje dat graach wold hie. Aksjefierders tsjin Swarte Pyt waarden op wei nei Dokkum tsjinhâlden en harren demonstraasje koe pas folle letter hâlden wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)