Betinking Remon Bruinsma: "Indrukwekkend en hartverwarmend"

"Het is één groot, indrukwekkend iets. Zoveel mensen op de been, hartverwarmend." Dat sei Jenny Minnen, wurdfierster fan de famylje Bruinsma nei ôfrin fan de betinking foar Remon. De 18-jierrige Westerener, dy't in moanne lang fermist wie, waard tongersdeitejûn betocht mei in stille tocht troch it sintrum fan Ljouwert. Dy begûn by De Waag oan de Nijstêd en einige yn de Prinsetún, dêr't Remon op nijjiersdei yn it wetter fûn waard. Sa'n twatûzen minsken wiene by de betinking oanwêzich. "Ik denk dat de familie blij is met zoveel kracht, energie en liefde van alle mensen", sa sei Minnen.
Neffens Minnen wol de famylje Bruinsma no wissichheid ha oer it ferstjerren fan Remon. "De onzekerheid is er nog steeds. We weten dat hij verdronken is, maar je wilt weten wat er gebeurd is. Die vraag blijft en de familie kan geen rust vinden, voordat die zekerheid er is. We hopen dat als mensen dingen weten, ze de familie die rust gunnen."