Wammes jout striid OS op

07 jun 2012 - 19:32

It is hast wis dat Epke Zonderland takom wike dochs noch syn Olympyske ticket krijt. Dit komt om't turner Jeffrey Wammes dit wykein by de challengerwedstriden yn Gent net mear yn aksje komt. Wammes hat him troch in blessuere weromlûke moatten út de wedstriid. Hjirmei jout er syn striid foar it Olympysk startbewiis eins op.

By Wammes waard tongersdei yn it AMC in breuk yn de knibbel konstatearre.

(advertinsje)
(advertinsje)