Proef mei hynsteriden op Skylger boskpaden

Ruters op Skylge meie de kommende moannen gebrûk meitsje fan de boskpaden yn in tal bosken op it eilân. It giet om in proef fan Steatsboskbehear, nei ferskate fersiken fan hynsteridende Skylgers. It betsjut dat partikuliere ruters net allinnich op spesjale ruterpaden ride meie, mar ek op de bredere boskpaden. Dit jildt net foar ruters dy't in hynder hiere by in maneezje.
De proef duorret fan kommende moandei oant en mei 31 maart. Nei ôfrin sil Steatsboskbehear evaluearje oft de proef in súkses is.