Kampen Oranje en Ybenheer by De Fochtel wurde opknapt

04 jan 2018 - 22:03

De kampen Oranje en Ybenheer by De Fochtel wurde opknapt. Se binne net by in grut publyk bekend, mar dochs hawwe de kampen in belangrike rol spile yn de skiednis fan De Fochtel en omkriten. Beide kampen waarden ûnder oare brûkt as Joadske wurkkampen en nei de oarloch as opfang foar âld-KNIL-militêren en harren gesinnen. De kampen binne folslein oerwoekere, mar doarpsbelang De Fochtel wol se yn oparbeidzjen mei Natuurmonumenten wer foar it ljocht bringe.

Mei help fan panielen moat it publyk wer yn 'e kunde komme kinne mei it ferline fan de beide kampen. Yn maaie 2019 moat al it wurk klear wêze. Stichting Natuurmonumenten ynvestearret foars yn it plan. Doarpsbelang hopet de opknapbeurt benammen mei frijwilligerswurk stypje te kinnen. 

(advertinsje)
(advertinsje)