Frou ferwûne by botsing tusken twa auto's en trekker

04 jan 2018 - 21:14

In frou is tongersdei ferwûne rekke by in ûngelok op de Lang' Ein tusken Langsweagen en De Knipe. In auto, in trekker en in oare auto kamen troch noch ûnbekende oarsaak mei-elkoar yn botsing. De frou rekke hjirby ferwûne oan har skouder. De ynsittenden fan de trekker en de oare auto kamen mei de skrik frij. De swier skansearre auto's binne fuortsleept troch in berger.

(advertinsje)
(advertinsje)