Mear meldingen oer fjoerwurkoerlêst yn Fryslân

04 jan 2018 - 20:37

By it meldpunt foar fjoerwurkoerlêst binne om de jierwiksel hinne sa'n 1.400 meldingen foar Fryslân binnen kaam. Dat is mear as foarich jier, doe't der 1.200 meldingen wiene. De measte klachten kamen opnij út Ljouwert, mei hast 300 meldingen. Yn Drachten wiene der sa'n 100 meldingen en op It Hearrenfean 91.

It meldpunt is in inisjatyf fan tritich lokale GrienLinks-fraksjes. Yn totaal binne der yn Nederlân 53.000 klachten oer fjoerwurkoerlêst binnen kaam. Ferline jier wiene dat noch 48.000.

(advertinsje)
(advertinsje)