Twatûzen dielnimmers oan stille tocht foar Remon Bruinsma

Sa'n twatûzen minsken ha meirûn yn de stille tocht foar Remon Bruinsma, dy't tongersdeitejûn troch it sintrum fan Ljouwert hâlden waard. De stoet sammele om 19.00 oere by de Waag yn Ljouwert en rûn dêrnei fia de Aldehou nei de Prinsetún. Boargemasters Ferd Crone fan Ljouwert en Klaas Agricola fan Dantumadiel sletten harren by de Aldehou oan by de famylje fan Remon, dy't foarop rûn yn de stoet. Yn de Prinsetún waard Remon dêrnei betocht mei blommen, dy't it wetter yn litten waarden. Ek hâlden Crone en in tal oaren in taspraak en waard der in minút stilte hâlden.
De famylje wol no graach rêst om ôfskied te nimmen, mar set dêrnei it ûndersyk troch om krekt te efterheljen wat der bard is.
De 18-jierrige Remon Bruinsma waard op nijjiersdei fûn yn it wetter fan de Prinsetún, nei't er al in moanne fermist wie. Hy ferdwûn nei in jûntsje stappen yn it sintrum fan Ljouwert.