Wurkjouwers driigje mei rjochter as bussjauffeurs wer stake

04 jan 2018 - 19:35

As bussjauffeurs de kommende tiid opnij stake, dan sille wurkjouwers dit besykje foar te kommen fia de rjochter. Dat hat de wurkjouwersferiening witte litten oan de NOS. Dizze feriening fertsjintwurdiget de ferfierbedriuwen yn de petearen mei de fakbûnen. Fakbûn FNV joech tongersdei oan dat der opnij staakt wurdt, as der gjin konkrete tasizzingen dien wurde troch de wurkjouwers. De bussjauffeurs wolle dat de wurkdruk omleech giet.

Tongersdei lei it busferfier yn Fryslân plat troch de staking. Mooglik folget der 16 jannewaris in nije staking.

(advertinsje)
(advertinsje)