Harnzer brekt kaak eks-frou nei itentsje: wurkstraf

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In man út Harns hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen, omdat er syn eks-frou in brutsen kaak slein hat. Hy krige ek in selstraf ûnder betingst fan twa moanne. It wie út de hân rûn tusken de twa, neidat de frou te iten west hie by de fertochte. Dêrby sloech de man har sa hurd dat har kaak op twa plakken bruts.
Fan de rjochter moat de Harnzer in training folgje, om wat oan syn agresje te dwaan. En hy moat syn eks-frou 3700 euro betelje as smertejild en foar medyske kosten dy't se makke hat.