Wurkstraf foar misledigjen ferkearsregeler

04 jan 2018 - 17:46

In man út Surhústerfean hat in wurkstraf fan 30 oeren krigen, dêrnjonken krige er ek in finzenisstraf fan twa wiken ûnder betingst. De man hat yn maart ferline jier yn Koatstertille in ferkearsregeler bedrige en útskolden foar 'ferkearsnazi'. Hy woe net stilstean bliuwe foar it slachtoffer, dat it ferkear yn goeie banen liede woe by de opbou fan in evenemint. De rjochter strafte dûbel sa swier as de eask fan de offisier fan justysje, om dúdlik te meitsjen datst minsken mei in publike taak net bedriigje meist.
 

Trefwurden: 
justysje ferkear
(advertinsje)
(advertinsje)