FIDEO: Bern ha de takomst by Sirkus Adje Lambertsz
Ljouwert-Fryslân 2018 moat de jeugd in takomst jaan. Dat is alteast ien fan de doelstellingen fan de organisaasje fan it kulturele jier. Yn Ljouwert dogge se dat mei in sirkus: Sirkus Adje Lambertsz. Bern fan de groepen 5 en 6 fan de basisskoalle wurde sa stimulearre mei te dwaan oan keunst, toaniel of oare aktiviteiten.
De ôfrûne moannen wiene de minsken fan Sirkus Adje al op 'en paad by de fyftich basisskoallen yn de gemeente Ljouwert. Dêr krigen de bern spesjale workshops.