FIDEO: De striid fan de seemearminnen

04 jan 2018 - 17:28

Foar it earst yn 'e skiednis is der tongersdei in Iepen Frysk Kampioenskip Seemearminswimmen. Tusken de tsientallen seemearminnesturten moatte de dielnimmers sa fluch mooglik swimme mar wurde se ek beoardiele op har uterlik as seemearmin. De winnende dielnimmers swimme mei sminkte skobben of kroantsjes yn it hier. Dielnimme kin yn fjouwer kategoryen: ûnder de 8 jier, fan 8 oant 11 jier, 11 oant 16 jier en 16 jier en âlder. It kampioenskip wurdt organisearre troch Zeemeerminschool Joke MijnZwemschool.
 

Trefwurden: 
seemearmin
(advertinsje)
(advertinsje)